baldrs draumar - ûnder it skyld lyrics
hy wie de kening fan it moaiste lân fan de ierde
syn namme waard bejúbele fier yn it rûn
skalden sille sjonge oer syn grutte dieden
en fertelle oan it neiteam fan dat sterk ferbûn
tusken goaden en kening, heiten en soannen
eltsenien dy’t grutsk is en fries yn it hert
seeën en greiden, bosken en strannen
op ús fryske boaiem bin wy yn ús ferset
koppen hat er tegrúze
folken hat er op ‘e knibbels twongen
frjemdfolk wist er te kearen
syn namme is ferneamd en syn dieden besongen
syn fjoer baant yn ús hert
en yn jim allen lang om let
syn krêft yn’t libben en de dea
ferlit ús tinzen nimmer mear
rêdbâd aldgillissoan
leit no bedobbe en ûnder ’t skyld
rêdbâd aldgillissoan
yn ús hert en yn ús siel
do libbest, do libbest, yn ús en yn ús bêrn
it libbet, dyn erfskip, it giet nea ferlern
ik sis rêdbâd mei hân op myn hert
rêdbâd, myn kening, oant ‘e dei dat ik stjer
Random Lyrics
- owen ovadoz - foolish heart (too young) lyrics
- eliezer - real ones lyrics
- gyidi - good vibes only lyrics
- boyinaband - point at all the things lyrics
- gone.fludd - мамбл (mumble) lyrics
- me not you - second chances lyrics
- interpol - all the rage back home - live at electric lady lyrics
- zoa - feel it out lyrics
- 7 minutes in heaven - better off lyrics
- ericastic r - out 'n' about part 1 lyrics