baldrs draumar - upstallesbâm lyrics
beaken yn de griis+wite dize
oerskaadzjend elts oankommend man
dêr ’t de deaden bedobbe binne
wurdt no rjocht sprutsen oer it frije lân
dêr, yn ’e dellingen
stiet de upstallesbâm
dêr, oer it wetter
komme de sibben gear
upstallesbâm!
under it each fan de goaden
wylst it ljocht fan de folle moanne skynt
wurdt sân dagen lang de wiisheid garrе
wiisheid dy’t it folk foar earst wer bynt
by it fеrstriken fan de jierren
yn tiden fan libben en fan dea
wurdt hjir harke nei it oardiel
under de upstallesbâm
it libben sipelt fan de tûken
lûkt yn de woartels, it lûkt yn de grûn
it bier mingt him dêr mei ‘t bistebloed
it tsjil draait rûn, in nije tiid is begûn
dêr, yn ’e dellingen
stiet de upstallesbâm
dêr, oer it wetter
komme de eallju gear
sa lang as skoll en hati jeie
sil de fries krewearje foar syn lân
as de wolven it himelljocht ferskuorre
sille wy op ‘e nij ús libben jaan
skelta, ús riedsman, hoeder fan tradysje
ferskaf ús it ynsjoch, jou ús no dyn fyzje
skelta, goademan, lit de h++rne rûngean
wy proaste op ’t beslút en op ús fuortbestean
Random Lyrics
- angélina nava - apparence lyrics
- splash daddy - cat dad anthem lyrics
- compulsive gamblers - rock'n'roll nurse lyrics
- we are scientists - less from you lyrics
- 佐藤千亜妃 (chiaki sato) - 1dk lyrics
- litleboy - faché lyrics
- kim petras - dashboard* lyrics
- לוי - livro'ach - לברוח - levi (il) lyrics
- ferragamo funeral - altura lyrics
- thursdays love - leave me behind lyrics