kjeld - bern fan freya lyrics
Loading...
berne út balstjurrige frijheidssucht
sied fan freya, ynbannich en grutsk
foar nimmen sil hja knibbelje
banneleas, mei rom en eare yn wil en dwaan
nea hat de wrâld fan sa’n folk witten
manomoedich yn died, krêftich en her
frjemd fan it jok fan in frjemde hear
frysk en frij oant yn ‘e dea
bern fan freya, hear har wurd
striid foar frijheid, mei skyld en swurd
kriich foar de foarfaars, om’t it moat
leaver dea as slaaf as it bart
bernе út bloedferjitten, wеtter en wyn
lân fan freya, rûch en grau
mei marren djip en wâlden ticht
ûneinige leechte sa her as it each rikt
foar de dea nea húverich lykas it libben
mei lutsen swurd klear foar de striid
yn de sealen fan weda machtich
drinke op ús dieden
Random Lyrics