azlyrics.biz
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

nynke laverman - der wie ris lyrics

Loading...

yn oseanen, yn djipste djipten beskûle
binne se te finen
yn oseanen ferriist de flonkerjende wrâld
fan de ondinen
in keninklik folkje, dat immer libbet
yn folsleine harmonije
want hja hawwe gjin siele dat hja witte net
fan leafde of fan lijen

mar in jonge prinsesse, sy woe witte
sy woe fiele wat it libben die
sy stoarre omheech en dreamde oer dy frjemte
dêr ‘t sy stiloan mei besibbe wie

stil, myn leafste, oer leafde net prate no
oer leafde net prate no
stil, myn leafste, oer leafde net prate no

it fjoer yn har eagen trof de kening
hy wist: hy hie ferlern
“gean dan, myn famke, mar betink dy
dat in siele dy swier weagje sil
swier is it langstme, is de leafde;
do draachst har allinne, bern
want nea meist diele mei in minske
wa’sto bist en wa’t dy widze, stil.”

stil, myn leafste, oer leafde net prate no
oer leafde net prate no
stil, myn leafste, oer leafde net prate no

de prinsesse, sy swalke hiel it lân troch
oant syn blik har befrear
dronken fan leafde, rêdeleas fereale
en einlings besiele, einlings besiele
mar leafde sa suver ferdraacht gjin geheimen
ferdraacht gjin geheimen
sy woe har wêzen mei him diele
wa’t sy wurklik wie net ferswije

stil, myn leafste, dit mearke
is allang gjin mearke mear
foar dy stiet it ondinebern
oan wa’t de see har lessen leart
leaf, sille wy dan sabeare
as wiene wy in pear



Random Lyrics

HOT LYRICS

Loading...