azlyrics.biz
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

baldrs draumar – toh alden fahne lyrics

Loading...

brekker fan tsjoen, frijheidsfindel
beaken fan bloed, frijheidsfindel
wachter oer wetter, frijheidsfindel
gisel fan geasten, frijheidsfindel
wimpel fan wjerljocht, frijheidsfindel
flage foar friezen, frijheidsfindel

in oerâld findel foarbestimd foar him
skarlekken flage, floedweach fan krêft
hearsker oer wetter, tonger en stoarm
hâld in fries it yn ‘e hân, is neat der tsjin bestân
boppe fallen fijannen wapperet it kleed
de drager fan it findel laket lûd en wreed
pylders bin ferbrizele, muorren stean net mear
eagjend nei de himel, omklammet er syn spear

untfromme út de timpel, fan tanfanas har grûn
yn de wylde flammensee, waard it findel fûn
oan de rjochters tabetroud, asega’s, sân
dy’t wachtsje op de wiere, held foar‘t heitelân
in lieder is no opstien, ien fol fjoer en flam
drager fan it âlde findel, magnus forteman

toh alden fahne
us âlde flage



Random Lyrics

HOT LYRICS

Loading...