jouke douwe de vries – simmerdei lyrics
Loading...
yn ′e dize fan ‘e dei
wurde wy op wjukken wei
yn in gouden gloed
en fol fjoer ferwaarmest my
as dyn soele stimme sijt
yn in sinnefloed
do bist, sa′t shakespeare sei
as in simmerdei
yn in bêd fan goudsjeblom
lizze wy foldien en loom
yn it jûntiidsrea
en de weagen waarme wyn
as in tekken tin en fyn
lûke lij oer ús lea
do bist, sa’t shakespeare sei
as in simmerdei
en al is de skriuwer noch sa grut
hy fangt dy net yn in wurd
mar as ik dy ferlykje mei
dan bisto leafliker as
in simmerdei
Random Lyrics
- code10 – bloodrayne (murder on my mind) lyrics
- midi bunny – moonlight in the mirror lyrics
- superparka – camila lyrics
- xaviersobased – who is he? lyrics
- sofia castro – la mejor peor amiga lyrics
- the oddz – my happy place lyrics
- desolate (ny) – tinkle-tinkle hoy lyrics
- elias kinay – jaunty lyrics
- potty monkey – a lyrics
- brandy – have yourself a merry little christmas lyrics