nynke laverman – angústia lyrics
de see lûkt ûnder it swart fan de nachten
nei ferskate fergetten strânen;
as floeibere winen binne syn klachten
en sâlt, sa´ t triennen brâne
oeral dêr´t de kusten krekt
binne as betrienne eagen
troch de brâning dy´t yn snikken brekt
fiel ik myn lijen smeekjen mei syn weagen
om de genede dy´t ´k ferlear
om te wêzen wêr ‘t ik wol: tichtby dy
’t leafst soe ik swalkje sûnder skip en sûnder kear
oer seeën, alle kimen foarby
want nearne op dizze wrâld en oeral
doarmet as it skynsel fan de moanne út de wolken
myn fertriet, helder en blyn tagelyk, troch it hielal
en wol him ferdrinke, ferdrinke yn kolken
ik wit: de see en ik
yn ´t swart fan de nachten binne wy te hearren
om ien fertriet woelje wy tegearre;
op ´t oeverleas bêd wine wy om oant in snik
oeral dêr´t de kusten krekt
binne as swier betrienne eagen
troch de brâning dy´t yn snikken brekt
fiel ik myn lijen smeekjen mei syn weagen
om de genede dy´t ´k ferlear
om te wêzen wêr´t ik wol: tichtby dy
’t leafst soe ik swalkje sûnder skip en sûnder kear
oer seeën, alle kimen foarby
Random Lyrics
- lee ann womack – i’m a honky tonk girl lyrics
- bilmuri – melancholy lyrics
- chris roberts – du bist nicht mit gold zu bezahlen lyrics
- all too human – life begins anew lyrics
- spree wilson – nena lyrics
- moment (us) – stars lyrics
- dark mirror – still standing lyrics
- tommy-g (ffmg) – the world we live in lyrics
- chad valley – 10 minutes lyrics
- failure – no one left lyrics